Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061911

Een mop (mondeling), donderdag 03 april 1969

Hoofdtekst

Yn Hilversum siet us op in kear in man yn in restaurant. Dêr sieten ek twa dames.
De man gong nei dy dames ta en sei: "Sjoch, ik liz hjir hûndert goune del. As jim nou elk fiif en twintich goune dellizze, dan woe 'k wolris mei jimme wedzje. As jimme 't wite, krije jim fan my hûndert goune. As ik it win krij ik fan jim elk fiif en twintich goune. Nimme jim dat oan?"
"Dan matte wy earst wite hwer't it oer giet", seinen se.
Hy sei: "Ik sil jim sizze hwat foar kleuren klean as jim oan ha fan ûnderen en fan boven. As ik it forkeard siz, krije jim fan my hûndert goune."
"Nou," seinen de beide dames, "dat giet troch."
Doe sei er: "Jimme mantel is sa fan kleur en jimme jurk sa en jimme ûnderrôk sa en jimme broek sa. Mar doe sei er: "Jim ha in pikswart himd oan."
"Man," seinen de dames, "jo lykje wol idioat. Wy hawwe in sniewyt himd oan."
Doe sei er: "Dat wol ik better wite, hwant der sit in bankje fan hûndert goune yn."
"Nou," seinen de froulju, "sjoch", en doe lieten se it rântsje by de hals sjen."
Mar de man sei: "Ik lit my net bidonderje troch in wyt rântsje. Ik mat it hiele himd sjen."
"Us himd is wyt, man, dat is in feit."
"Jim kinne my wol mear wiismeitsje", sei de man. "Ik hâld fol dat it swart is. Klaei jim mar út."
Mar de froulju wegeren en sa krige de man fiiftich goune.

Beschrijving

In Hilversum sluit een man met twee vrouwen in een restaurant een weddenschap af welke kleur hun kleding heeft. Als hij het weet dan krijgt hij vijftig gulden en bij verlies krijgen de dames honderd gulden. Als hij bij de onderkleding aan komt, zegt hij dat dit pikzwart is. De dames beweren dat het sneeuwwit is. Het tonen van een wit hemdbandje is hem niet genoeg, maar de dames weigeren zich uit te kleden. Zodoende krijgt hij vijftig gulden.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 619, verhaal 11

Commentaar

3 april 1969

Naam Locatie in Tekst

Hilversum    Hilversum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21