Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061912

Een sage (mondeling), donderdag 03 april 1969

Hoofdtekst

Ik kom us in kear út tsjerke wei. Ik moest de bosk foarby. Doe hearde ik dat dêr ien kjirme.
Ik tocht: O heden, dat is grif in oanranding. Ik gong dêrhinne, dêr't it lûd wei kom en ik hie myn mes al út 'e bûse. Doe kom ik by in bank, dêr siet in âld-minske op.
Ik sei: "Goeije dag, mefrou."
"Ik bin gjin mefrou," sei se, "ik bin in juffrou."
"Sil ik de dokter helje?" frege ik har. "Jo kjirmen nyskes sa."
"Né," sei se, "doch dat net."
"Skeelt der jo dan neat?"
"Né," sei se, "mar it is o sa treurich mei my." "Sjoch," sei se, "doe't ik twintich jier wie, soe 'k trouwe. Mar 't is doe oer gong, hwant dêr wienen ús mem en dy op tsjin. - Nou sil 'k wèr trouwe. Mar nou binne myn âlden der wèr op tsjin."
"Hoe âld binne jo dan?" frege ik.
"Ik bin sawntich jier", sei se.
"En jou feint?"
"Dy is twa en sawntich."
"Mar myn leave minske, dan ha jou mem en dy der great gelyk oan, dat se net lije wolle, dat jo op jou âlde dei noch trouwe."
"Och, myn leave man," sei se, "praet dêr net oer, it is hiel slim mei my. As jo der net fierder oer prate, sil ik alles sizze." Sy springt oerein en bigjint senuwachtich hinne en wer to rinnen. Ik sei: "Minske, hâld doch op!"
"Och mynhear", sei se, en sy sloech har op 't liif. "Sjoch jo neat? Ik bin yn blide forwachting."
Sy is mei dy feint troud en sy ha twa fleurige twillingen krige.

Beschrijving

Als ik een keer uit de kerk kom, hoor ik opeens gekerm en zie een oud vrouwtje zitten. De vrouw vertelt hem dat ze nog steeds ongetrouwd is, omdat haar ouders tegen haar toekomstige partner zijn. Dit is nu zo en toen ze twintig was. Nu is ze zeventig. De knecht is ook rond deze leeftijd. Ik geef haar ouders gelijk over trouwen op deze leeftijd. Ze is echter in verwachting, trouwt toch en krijgt later twee tweelingen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 619, verhaal 12

Commentaar

3 april 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21