Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ062005

Een mop (mondeling), zaterdag 15 maart 1969

Hoofdtekst

Hearke syn heit Tsjerk wenne op in boerespultsje mei greate skuorredoarren. Dêr lei in grouwe stien by, dêr siet in dikke izeren ring yn klonken. Dy leinen se foar de doarren, dan waeiden dy net iepen.
Doe wie der ris in keardel by Tsjerk kom - Hearke wie doe sa'n great jonge en noch by syn heit en dy yn 'e hûs. Dy keardel hie tsjin Tsjerk sein: "Hjir wennet Sterke Hearke, net? Ik woe wol ris sjen hwa't de sterkste is, Hearke of ik."
"Dû trefst it net," sei Tsjerk, "Hearke is net thús. Woestû sjen hwa't it sterkste is? Us jonge is wol aerdich geef.
Trouwens de oaren ek. Sjoch, dat stientsje dêr, dêr goaije se wolris mei. Sy smite him hjir fan 'e strjitte nei 't skerngat." Hy wiisde de grouwe stien oan. "Sy smite him sa'n fyftsjin meter." De keardel tilde de stien oan 'e grouwe ring mei greate muoite fan 'e groun. Hy hie neat sein. Hy hie him omdraeid en wie fuortgong.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Hearke's vader Tsjerk woont in een huis met grote schuurdeuren waarvoor een molensteen met daarin een ijzeren ring geklonken ligt tegen het openwaaien. Een kerel daagt Hearke uit wie het sterkste is, maar Hearke is niet thuis en zijn vader zegt tegen hem. Vader gooit een straatsteen richting het mestgat, wijst de molensteen aan zegt dat Hearke hem vijftien meter ver heeft gegooid. De man tilt met grote moeite de steen van de grond, weet genoeg en vertrekt daarna.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 620, verhaal 5

Commentaar

15 maart 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Tsjerk    Tsjerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21