Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ062004

Een mop (mondeling), zaterdag 15 maart 1969

Hoofdtekst

Froeger hienen se allegear sulver en goudjild, mar gjin briefkes lyk as nou. Der moest us in kear jild fan 'e iene bank nei de oare brocht wurde. Dêr hienen se Hearke foar útsocht. Twa sekken mei jild, elk fan sa'n hûndert poun moest er tofoet nei Ljouwert bringe. Hearke hie ien sek op 'e rêch en ien foar 't boarst.
Sa gong er op stap.
Doe't er op 'e Burgumerheide wie, kommen der in pear struikrovers achter 'e beammen wei; dy woenen him birove.
"Jonge," sei Hearke, "dat treft reusachtige moai. Ik ha twa sekfollen jild by my, dêr krije jim elk ien fan."
Sy krigen der elk ien fan op 'e rêch. Yn dy tiid hie hy se elk yn 'e earm krige.
"Sjesa," sei er, "nou geane jim moai mei my nei Ljouwert ta." Hy hie se sa goed yn 'e earm, dat sy koenen net los komme. De sekken wienen de beide mannen to swier. Sy switten as oandragers. Hja hienen Hearke op 't lêst bidden en smeekt dat er har wer stappe litte soe.
Doe hied er har op 't lêst gean litten. Hy ûntnom har de sekken. "Jimme ha se moai foar my sjoud, hear," sei er, "nou bin ik wer in bytsje útrêst."


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

In een tijd is er alleen gouden en zilveren geld en geen papiergeld en daarom vragen ze Hearke voor het geldtransport tussen banken te zorgen. De twee geldzakken moet hij te voet naar Ljouwert brengen en een zit op zijn rug en de ander op zijn borst. Op de Burgumerheide komt hij struikrovers tegen die hem willen beroven. Hij geeft elk een geldzak op de rug en tegelijkertijd pakt hij ze in zijn armen. Ze moeten mee naar Ljouwert, maar de zakken worden te zwaar en ze smeken Hearke hen te laten gaan. Hearke bedankt ze voor hun hulp; nu is hij een beetje uitgerust.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 620, verhaal 4

Commentaar

15 maart 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Naam Locatie in Tekst

Burgumerheide    Burgumerheide   

Ljouwert    Ljouwert   

Bergumerheide    Bergumerheide   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21