Hoofdtekst
It is sa'n fjirtich jier lyn, doe hearde ik ris in kear in boer fan 'e Omloop fortellen yn 't kafé oan 'e Krúswei to Mearum:
Der wienen us in feint en in faem, dy sieten hwat to frijen. Mar dat wie dy feint net genôch, dy woe oars ek noch hwat. Mar hja wie in earbere faem, dat hy doarst der net rounút foar út to kommen. Hy praette der hyltyd hwat om hinne.
Doe sei de faem: "Hwat wolstû eins?"
"Och," sei de feint, "dat bigrypstû wol. Ik doch krekt as de hountsjes. Sa woe 'k mei dy dwaen."
"As't oars net is," sei de faem, "dat mei wol."
Doe woe dy feint fuort op syn doel ôf, mar de faem sei: "Ja, ho ris even, wy soenen krekt as de hountsjes. Earst rûke."
Doe tocht er: "Nou fuort dan mar", dat hy hâldde syn noas der tichte by. Mar doe woed er dan ek fierder syn gong gean. Mar de faem sei: "Né, wy soenen krekt as de hountsjes. Earst slikje." Hy tochte: As dat dan net oars kin, dan mat dat. Doe't er dat dien hie, doe tocht er: "Nou is 't dan sa fier."
En hy wie der foar klear. Mar doe sei de faem: "Ho ris even, nou mast earst ek noch wachtsje oant ik jachtich bin."

Onderwerp
VDK 1502* - Op z'n hondjes   
Beschrijving
In een café aan de Kruisweg naar Mearum vertelt een boer uit Omloop dat een knecht en meid stiekem aan het vrijen zijn. De jongen wil meer, maar durft er niet voor uit te komen en praat er omheen. De vrouw vraagt wat hij wil en hij zegt op zijn hondjes. Hij doet braaf wat ze zegt en op het einde gaat het niet door, omdat ze er zelf nog niet klaar voor is.
Bron
Collectie Jaarsma: verslag 637, verhaal 2
Commentaar
24 maart 1969
Op z'n hondjes
Naam Overig in Tekst
Omloop   
Mearum   
Naam Locatie in Tekst
Krúswei   
Kruisweg   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21