Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ063914

Een sage (mondeling), vrijdag 18 april 1969

Hoofdtekst

Heit en dy's twadde jonge, ús Foppe, dy raesde alle jounen. Dan krige er pine. Doe krige er in naffelbreuk. Dokter sei, dêr moest in naffelbân omhinne. Wy hienen in buorwiif, dy koe dat wol dwaen. Mar dat buorwiif hienen se it net op bigrepen.
Sy kom net earder as dat de lampe brânde.
Op in kear dienen heit en mem alle blinen ticht, dat der gjin ljocht útstrale koe. 't Wie yn 'e nacht. De lampe wie op.
Sy hienen twa skiep yn 't achterhûs yn 't hok.
Doe wie 't ynienen 'bots'.
Mem sei: "Hwat is dat?"
Heit sei: "Dat dogge de skiep."
Heit en mem wienen oan 't iten, doe rôp der ien fan 'folk!'. 't Wie in frouljuslûd. Heit die de keamersdoar iepen en dêr stie de buorfrou. Sy hie beide hannen oan wjerskanten oan 't kezyn beet. Hja bleau dêr dy jouns wit hoe lang, sy gong mar net fuort.
Op 't lêst wie 't healwei trijen. Doe frege se heit of dy har der wol útlitte woe.
Der siet duveldrek ûnder 'e drompel. Allinne koe se der net útkomme. Doe't se der ynkom wie hie se alhiel út 'e liken west. It wie in tsjoenster, dat buorwiif.
Heit hat foar út Foppe nei de duvelbander west. Foppe wie bitsjoend, sei dy; it wie in hiel stel, dêr't er mei to dwaen hie. Pake en beppe sieten ek oer him gear. Dy mochten letter noait wer by ús op it hiem komme. Heit en dy ha har it hûs forbean.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Foppe is elke dag onderweg. Dan krijgt hij pijn en de dokter constateert een navelbreuk. Hij moet een navelband om. Maar ze mogen de buurvrouw die het kan doen niet, want ze komt niet eerder dan de lamp brandt. Een avond hebben mijn ouders alle blinden dicht, zodat er geen licht te zien is. De lamp is op en opeens horen ze een 'bots'. Ze denken dat het de schaap is geweest. Vervolgens staat de buurvrouw bij de kamerdeur en ze gaat niet weg. Ze vraagt uiteindelijk of vader haar er niet uit wil laten. Omdat er duivelsdrek onder de drempel ligt, kan ze niet zelf weg. Ze is een heks. Volgens de duivelsbanner is Fokke behekst en opa en oma mogen ook niet meer komen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 639, verhaal 14

Commentaar

18 april 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21