Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ063921

Een sage (mondeling), vrijdag 18 april 1969

Hoofdtekst

Yn 'e Like wie in grot, dêr woarden allerhande sieraden en diamanten yn opburgen. Der wie in frou dy makke dy grot altyd skjin. It fanke fan 'e baes fan dy grot, dy woe dêr graech ris yn sjen. Doe gong se dêr ris in kear mei de frou hinne, dy't it spul skjinmakke.
Doe seach dat fanke dat dy frou in moaije halsketting pakte en dy meinimme soe. Doe hat dat fanke de kaei gau krige en sy hat de doar fêstmakke. Doe brocht se de kaei nei har heit ta en dy hat se alles forteld.
Doe is dy heit nei de grot ta gong, dêr't dy frou gefangen siet. Hy forlangde fan har dat se alles yn 'e grot mei skelpen biplakke moest. Sy moest krekt sa lang gefangen bliuwe oant alles biplakt wie.
Sy brochten har de skelpen troch in buis en it iten èk.
Doe't se nei jierren klear wie, is se nei in fiver ta gong om har to waskjen. Doe seach se hoe griis en âld as se woarn wie. Doe is se fan kjellens stoarn.

Onderwerp

TM 3115 - Schatkamer wordt schelpengrot    TM 3115 - Schatkamer wordt schelpengrot   

Beschrijving

In een grot bij Like zijn allemaal sieraden en diamanten opgeborgen. Een vrouw maakt de grot schoon. De vrouw van de baas van de grot wil de grot weleens zien en als ze daar komt, ziet ze dat de schoonmaakster een halsketting mee wil nemen. De vrouw sluit de schoonmaakster op en vertelt haar man het voorval. De baas beveelt de schoonmaakster de grot met schelpen te bedekken en daarna mag ze weg. Als de vrouw vrijkomt, gaat ze naar de vijver om zich te wassen en als ze ziet hoe oud en grijs ze is geworden gaat ze van schrik dood.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 639, verhaal 21

Naam Overig in Tekst

[Nienoord]    [Nienoord]   

Like    Like   

Naam Locatie in Tekst

Leek    Leek   

Plaats van Handelen

Leek    Leek   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21