Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ064010

Een mop (mondeling), vrijdag 25 april 1969

Hoofdtekst

Der wie in troud span, dy soenen op in joun de doomny op hûsbisite ha. De man sei tsjin syn frou: "Ik wol doomny ris freegje hoe't dy it mei syn frou bipraet as se yn 'e nacht op bêd togearre hwat wolle."
De frou sei: "Dat doarstû doch net to dwaen."
"Dat silst aenst hearre", sei er.
Doomny kom. Mar de man seach der hwat tsjin oan om der oer to bigjinnen. Syn frou tochte: Hy doart net.
Mar doe't doomny fuort soe, kom it hege wurd der út. Doomny fornaem wol dat er hwat sizze woe.
"Binne der swierrichheden?" frege doomny. "Siz it dan mar, hwant dêr bin ik foar."
"Nou," sei de man, "swierrichheden nou just ek net sa sear. Ik woe graech wite hwat jo tsjin jou frou sizze, as jo nachts by har lizze en jo wolle hwat mei har."
De doomny tocht even nei. Doe sei er: "Wel, dan zeg ik: - Vrouw, zullen wij van 't aards geluk genieten? -"
Doe sei de man: "Safolle wurden ha wy der net by noadich."
"Wat zegt u dan?" frege doomny.
"Ik siz: - Tryn, kear de kont om, hwant de sturt komt der oan -."


Beschrijving

Een dominee komt op bezoek bij een echtpaar. De vrouw zegt hem dat ze niet gelooft dat de man durft te vragen wat de dominee zegt tegen zijn vrouw als hij iets met haar wil. Haar man vraagt het echter toch. De dominee antwoordt: 'vrouw, zullen wij van het aardse geluk genieten', waarop de man zegt dat hij niet zoveel woorden nodig heeft. Hij zegt alleen: 'Tryn, keer de kont om, want de staart komt eraan.'




Bron

Collectie Jaarsma, verslag 640, verhaal 10

Commentaar

25 april 1969

Naam Overig in Tekst

Tryn    Tryn   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21