Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ064116

Een mop (mondeling), dinsdag 06 mei 1969

Hoofdtekst

By Megere Weide achter de Lytse Geast ûnder Tytsjerk op 'e plaets fan Marten Castelein wennen twa feinten, de greatfeint en de lytsfeint. De greatfeint iet altyd in hiele protte op, dy wie net to sêdzjen. De lytsfeint sei tsjin him: Dat kin sa net langer, dû mast dyn fatsoen bihâlde ast by in oar ytste.
Doe praetten se ôf, tonei soe de lytsfeint him tsjin 'e foet oanstompe, ûnder 'e tafel, as er ophâlde moest fan iten.
Mar dy earste kear dat dat gebeurde stompte de houn him tsjin 'e foet, doe hie er noch mar in bytsje iten hawn. Hy tocht, de lytsfeint hie it dien, dat hy iet net in krûmel mear op.
Dy nachts koed er noait sliepe. Sa'n honger hied er. De lytsfeint, dy't by him sliepte, sei: Ik wyt wol hwer't de frou de brij set hat yn 'e kelder. 'k Sil wol hwat brij foar dy ophelje.
De lytsfeint slûpt nei de kelder ta en hellet in sleeffol brij op. De greatfeint hat him wylst omkeard en leit mei de kont oer de planke hinne. De lytsfeint sjocht dat foar de holle oan en hâldt de sleef der by.
Dan blaest de greatfeint ôf.
"Hoechst net to blazen," seit de lytsfeint, "de brij is kâld."

Onderwerp

AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."    AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   

ATU 1691 - The Hungry Clergyman    ATU 1691 - The Hungry Clergyman   

Beschrijving

Een groot- en kleinknecht wonen bij de Magere weide. De grootknecht heeft een niet te verzadigen trek, dus spreken ze af dat de ander hem tegen de voet schopt als hij moet ophouden met eten bij anderen. De eerste keer is het niet de knecht maar een hond die dit doet terwijl de man amper heeft gegeten, dus hij stopt en kan 's nachts niet slapen van de honger. De kleinknecht gaat brij uit de kelder halen. Bij terugkomst ligt de ander met zijn billen naar boven en de kleinknecht ziet dit voor hoofd aan. Als de man dan een wind laat, zegt hij dat de ander niet hoeft te blazen, want de brij is koud.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 641, verhaal 16

Commentaar

6 mei 1969
"Don't Eat too Greedily."

Naam Overig in Tekst

Megere Weide    Megere Weide   

Marten Castelein    Marten Castelein   

Magere Weide    Magere Weide   

Naam Locatie in Tekst

Lytse Geast    Lytse Geast   

Tytsjerk    Tytsjerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21