Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ064117

Een sprookje (mondeling), dinsdag 06 mei 1969

Hoofdtekst

Yn 'e fjorden yn Noarwegen hâldden de fûgels in weddenskip.
Dy't it heechste fleane koe soe de koaning wurde fan 'e fûgels. Alle fûgels wienen by elkoar, lyk as de roeken, de arend, mar ek it winterkoaninkje, dat doe noch net in namme hie.
Elk fan 'e fûgels tochte dat de arend it winne soe, hwant dy stie der foar bikend dat it de bêste fleaner wie.
Mar it winterkoaninkje sei eigenwiis: "Ik kin 't bêste fleane. 'k Doar wedzje dat ik it win."
"As dat it gefal is," sei de arend, "dan bistû de koaning fan 'e fûgels yn 'e fjorden fan it hege noarden."
Doe gong de fleanderij dan oan. It winterkoaninkje makke gau dat er op 'e rêch fan 'e arend kom sûnder dat ien it seach en doe biet er him fêst yn 'e fleugels fan 'e arend.
De arend fleach al heger en heger. Op 't lêst wied er wit hoe heech. Heger as alle oare fûgels.
Doe tocht er, nou moat ik mar werom. 't Woarde him dêr ek to kâld. Mar it winterkoaninkje hie dêr gjin lêst fan, dat wie in wintergast. It winterkoaninkje sei, doe't de arend sakke: "Ik gean noch heger." De arend hearde him wol, mar wist net dat it lûd út syn fleugels kom.
It winterkoaninkje liet de fleugels los en fleach noch wol hûndert meter heger.
Doe moesten alle fûgels wol tajaen - èk de arend - dat hy it bêste fleane koe. En omt er sa bêst tsjin 'e kjeld koe, neamden se him winterkoaninkje.


Onderwerp

AT 0221 - The Election of Bird-king    AT 0221 - The Election of Bird-king   

ATU 0221 - The Election of King of Birds.    ATU 0221 - The Election of King of Birds.   

Beschrijving

In de Noorweegse fjorden houden vogels een weddenschap. Degene die het hoogste kan vliegen wordt koning. Ook de roeken, arend en winterkoninkje zijn erbij, waarbij de laatste toen deze naam nog niet had. Iedereen denkt dat de arend dit wel wordt, maar het winterkoninkje beweert dat hij wint. Dus hij gaat stiekem op de rug van de arend zitten. Als de arend zo hoog is dat het koud is en terug wil, zegt het winterkoninkje dat hij nog hoger gaat en wel honderd meter hoger. Dus de andere vogels geven toe dat hij gewonnen heeft. En omdat hij het best tegen de kou kan, hebben ze hem winterkoninkje genoemd.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 641, verhaal 17

Commentaar

6 mei 1969
The Election of Bird-king

Naam Locatie in Tekst

Noorwegen    Noorwegen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21