Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ064706

Een sprookje (mondeling), donderdag 24 april 1969

_6d6662dc-d50e-4502-a603-7237060548a7.jpeg

Hoofdtekst

Der wie us in boer, dy hie op syn hekke skilderje litten: Zonder zorgen.
Syn landhear kom dêr lâns en lêsde dat. Dy tocht: "Forrek - ik haw altyd soargen en noed en dy keardel hat nergens lêst fan. Hy mat mar us by my komme, dan sil ik him leare hwat soargen binne."
Doe't de boer by him kom, sei er tsjin him: "Hastû noait soargen?"
"Né", sei de boer.
"Dan wurdt dat wol us tiid", sei de landhear. "Ik sil dy in opdracht jaen. Dêr mastû oan foldwaen kinne. En dan doch ik dy noch twa fragen. Dy mastû biantwurdzje kinne. Alles binnen trije dagen."
Doe sei de landhear tsjin 'e boer: "De opdracht is dizze: Dû mast by my yn 'e hûs komme, mar dû meist gjin foet by my op 't hiem en op 'e stûpe sette en dochs mast by my komme.
Dan in riedsel: Hwer is de midden fan 'e ierde.
En it oare riedsel: Hwat tink ik op 't momint.
Astû my net de goeije antwurden jaen kinste, giestû fan 'e plaets."
Doe liet er de boer fuortgean.
De boer kom wer thús. Hy siet mei de hannen yn 't hier.
De man hie gjin rêst mear. Hy woe gjin iten ha en hy prakkesearre al mar. Mar hy foun de oplossingen net.
Doe sei de feint tsjin him: "Hwat skeelt jo, boer?"
De boer sei, sa en sa. "Hoe mat ik dêr mei oan?"
De feint sei: "Dat rêd ik wol op. Lit alles mar oan my oer. Keapje my earst mar in ezel."
Doe't de trije dagen omtrint om wienen, die de feint de boer syn klean oan en hy ried op de ezel nei de landhear ta, oer it hiem en by de stûpe op. Wylst er op 'e ezel sit, docht er de doar iepen en sa springt er yn 'e gong.
"Dit hast rêd", seit de landhear. "Nou de fragen: Hwer is de midden fan 'e ierde?"
"Krekt op it plak, dêr't ik stean", sei de feint.
"Hjir ha jo myn tûmstok, mjit it mar nei."
"Dat is goed biantwurde", sei de landhear. "Nou de lêste fraech: Hwat tink ik op dit momint?"
"Jo tinke dat jo de boer foar jo ha to stean," sei de feint, "mar jo binne mis, it is syn feint."
Doe lake de landhear en hy joech de feint in bileanning foar syn goeije antwurden.

Onderwerp

AT 0922 - The shepherd substituting for the priest answers the king's questions    AT 0922 - The shepherd substituting for the priest answers the king's questions   

ATU 0922 - The Shepherd Substituting for the Clergyman Answers the King’s Questions.    ATU 0922 - The Shepherd Substituting for the Clergyman Answers the King’s Questions.   

Beschrijving

Een landheer zag dat een van zijn boeren 'zonder zorgen' op zijn hek had geschilderd. Hij was jaloers op die boer die maar geen zorgen had, en hij riep hem bij zich. Hij zei dat hij drie opdrachten moest vervullen, en als dat niet zou lukken, moest hij van zijn land af. De boer kwam wanhopig thuis, en vertelde alles aan zijn knecht. Die wist er wel raad mee. De eerste opdracht was dat de boer in het huis van de landheer moest komen, zonder over diens erf te lopen. De knecht nam een ezel, en ging daarop naar het huis. De tweede opdracht was antwoord geven op de vraag waar het midden van de aarde was. De knecht beweerde dat dat was waar ze op dat moment stonden. Dat was ook goed. De derde vraag was wat de landheer op dat moment dacht. Toen zei de knecht dat de landheer dacht dat hij de boer voor zich had, maar dat dat niet waar was omdat hij de knecht was. Toen moest de landheer lachen, en de boer mocht blijven.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 647, verhaal 6

Commentaar

24 april 1969
The shepherd substituting for the priest answers the king's questions

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21