Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065006

Een mop (mondeling), vrijdag 02 mei 1969

Hoofdtekst

Der wie in faem, dy hie noait forkearing, omdat se sokke minne egen hie. Mar op in kear doe krige se in brief fan in feint, hy woe de snein-to-jouns wol by har komme.
Dat gong oan. It fanke har mem wie widdou en sy praetten togearre ôf, sy soenen dy feint forrifelje. Sy leinen in nuddel oer de flier en de faem printe har it plak goed yn dêr't er lei.
Doe't de feint dêr al in skoftsje sitten hie, sei se tsjin har mem: "Sjoch mem, dêr leit in nuddel oer de flier." En doe krige se him op.
Doe tocht dy feint fansels: "Har egen kinne noait sa botte min wêze lyk as de minsken sizze. Ik hie dy nuddel dêr sels noait iens lizzen sjoen."
Sy gongen de jouns to kuijerjen, hy en de faem. En dêrnei krigen se iten. 't Ald-minske hie fan alles ré set en wie sels op bêd gong. Der lei in grouwe klute bûter op 'e tafel. De faem roan der op ta en raemde dy bûter fan 'e tafel en sy sei: "Smoarge kat, hwat dochstû op 'e tafel!"
Doe gongen de feint de egen iepen.
De nachts doe't er fuort gong en ta de doar út litten wie, kom er noch even werom. 't Finster wie opskoud fanwege de waermte en hy sei tsjin 'e faem ûnder 't finster troch: "Wachtsje even, ik soe noch in tút fan dy ha." Doe strûpte er de broeken del en gong mei de bleate kont ûnder 't glês troch. Wylst de faem him tute gong der in lyts wytsje by him wei.
De oare moarns frege de mem oan har dochter: "Hat it hwat foldien?"
"Ja," sei se, "mar hy stonk ôfgryslik út 'e azem."


Onderwerp

AT 1456 - The Blind Fiancée    AT 1456 - The Blind Fiancée   

ATU 1456 - The Blind Fiancée.    ATU 1456 - The Blind Fiancée.   

Beschrijving

Een zeer slechtziend meisje legde een naald op de grond voordat haar vrijer kwam. Toen haar vrijer er was, zei ze tegen haar moeder dat er daar en daar een naald lag. De vrijer dacht daardoor dat het wel meeviel met haar blindheid. Later zette de moeder eten op tafel. Maar het meisje dacht dat het de kat was, en sloeg het van tafel. Toen de vrijer die avond wegging, vroeg hij om een kus. Hij stroopte zijn broek af en hield haar zijn blote kont voor. De volgende ochtend vertelde ze haar moeder dat hij vreselijk uit zijn mond stonk.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 650, verhaal 6

Commentaar

2 mei 1969
The Blind Fiancée

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21