Hoofdtekst
In doktersfrou en in faem, dy gongen togearre nei de badkeamer ta om tagelyk in bad to nimmen. Sy klaeiden har beide út en dêr stienen se yn Adamskostúm.
De jouns komt dokter thús en mefrou seit: "Nou, dat is hwat mei dy faem, it is forskriklik, hwat in hier dy hat." Doe sei de dokter: "Dat moest ik ek ris sjen. Mar hoe dogge wy dat?"
Doe sei se: "Dat is hiel maklik. Foar de badkeamer stiet in greate beam en dêr giestû yn sitten en dan kinst alles sjen."
De dei en de ûre binne fêststeld. De frou giet mei de faem nei de badkeamer ta. Hja seit tsjin 'e faem: "Ik mat dat nochris sjen mei dy."
Mar dan wol de faem har net útklaeije. Hja seit: "Dat doch ik sà nèt, dan mat mefrou èk wer in bad nimme."
De frou bigjint har ek wer út to klaeijen.
Mar dan komt der in stim út 'e beam, dy raest: "Frou, frou, dû net, dû net, hwant ik sit hjir mei de hiele kegelklub!"

Beschrijving
Een meid ging eens met de doktersvrouw in bad. Die avond zei de vrouw tegen haar man dat de meid verschrikkelijk veel haar had. Hij wilde dat wel eens zien, en ze spraken af dat hij de volgende keer in de boom voor de badkamer zou gaan zitten. De volgende keer wilde de vrouw dat de meid een bad nam, maar zij wilde alleen als de vrouw ook ging. De vrouw begon zich hierop ook uit te kleden. Tot ze een stem uit de boom hoorden roepen: "Vrouw, vrouw, jij niet, want ik zit hier met de hele kegelclub!"
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 650, verhaal 9
Commentaar
2 mei 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21