Hoofdtekst
Myn omke Hindrikje Harm (Veenstra) kom in bult by ús yn Twizelerheide. Ik hie in moaije dikke knyn yn 't hok.
Omke sei: "Och heden jonge, hwat hast dêr in moaije knyn. Dy wol ik wol keapje."
"Dat wol 'k wol leauwe, omke," sei 'k, "mar ik wol him net misse."
"Hwat mat ik der foar jaen, Marten?" sei omke.
"Ik wol him net misse", sei 'k noch us.
Doe aeide omke de knyn oer de bealch. De oare deis lei de knyn oer de side.
Ik sei: "Fordomme, nou hat dy forrekkeling de knyn bitsjoend."
Ik der hinne.
"Is omke thús?" sei 'k.
"Ja, hiest boadskip?" Omke kom der oan. "Hoe giet it mei dyn knyn, jonge?" sei er.
Ik sei: "Dy mastû wer geneze, en oars silst stjerre."
Doe sei er: "Ik sil mei dy gean, jonge."
Dat hat er dien. Hy hat de knyn út it hok skuord. Doe hat er him oer de bealch aeid en dêr sprong er hinne. Hy wie genezen.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Een man wilde graag een konijn kopen van zijn neefje. Maar die wilde het niet kwijt. Toen streek de oom het dier over zijn rug, en raakte het ziek. De volgende dag vroeg de jongen zijn oom om het dier weer beter te maken, wat hij heeft gedaan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 653, verhaal 9
Commentaar
15 mei 1969
Andere Zauberei
Naam Overig in Tekst
Hindrikje Harm Veenstra   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Twijzelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21