Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065308

Een sage (mondeling), donderdag 15 mei 1969

Hoofdtekst

Myn omke Marten kom by Marij. Dêr hied er forkearing mei.
Letter is er ek mei har troud. Doe't dat gebeurde sei Kees (= Knjillis Veenstra): "Dy hâldtstû net sa lang."
"Hwerom net?" sei omke Marten.
"Dû krijst der in poppe by," sei Kees, "mar dy hâldst ek net. Sy geane beide dea. Dû silst letter wer trouwe.
En dat frommes krijst ek bern by, mar dat frommes giet ek dea."
Martenom leaude der neat fan.
Hy forlear syn earste wiif mei 't bern. Doe troude er wer.
Marten-om gong nei de Poes ta to wenjen (ûnder Surhuzum).
Hy woarde fêste arbeider by in boer. De moarns fjouwer ûre moest hy dêr wêze. Op in kear hied er him hwat forsliept. Doe kom er even nei fjouweren by de boer.
Seis ûre joech Baeije-muoi de poppe noch drinken. Doe klaeide se har pûr-neaken út en gong de lannen troch. Doe kom se foar de feart. Dêr soe se troch om nei har suster ta. Doe forsûpte se.
Ik haw dat allegear fan tofoaren sjoen. Ik seach dat se fordronk, neaken. Sy gong troch de toarnen hinne, en plof. - Ik der as de duvel hinne. Mar der wie neat by de feart. 't Wie foartjirmerij.
Ik sei tsjin omke: "Ik ha hwat sjoen fan Baeije-muoi."
Ik haw him alles forteld. Mar hy leaude my net.
Doe koed er it letter sels sjen.


Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Knjillis Veenstra voorspelde een jongeman dat hij zou trouwen en een kindje zou krijgen, maar dat beiden dood zouden gaan. Daarna zou hij opnieuw trouwen en een kindje krijgen, en dan zou zijn tweede vrouw ook overlijden. De man geloofde er niets van, maar het is wel uitgekomen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 653, verhaal 8

Commentaar

15 mei 1969
Vorbedeutung anderer Ereignisse

Naam Overig in Tekst

Knjillis Veenstra    Knjillis Veenstra   

Baeije    Baeije   

Marten    Marten   

Marij    Marij   

Poes    Poes   

Kees Veenstra    Kees Veenstra   

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Surhuizum    Surhuizum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21