Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065504

Een sprookje (mondeling), vrijdag 02 mei 1969

Hoofdtekst

Der wie in dochter fan in kaptein. Dy krige forkearing mei in gewoane soldaet, dy't op wacht stie. Dat gong in moai set troch, mar op in joun trof har heit har, wylst hja mei dy soldaet út gong.
De oare moarns moest dy soldaet by de kaptein komme. Hy sei: "Hwat hellestû út mei myn dochter?"
Doe sei de soldaet: "Dat doch ik net."
"Hwat? Ik ha dy justerjoun sels sjoen."
"Ja," sei de soldaet, "mar dat docht jou dochter, hwant dy is forliefd op my."
Doe moest de soldaet foar de krijgsraed forskine. Hy krige de deastraf en sy sluten him op yn in cel.
Dat fanke giet dy nachts nei de cel ta. Sy is it iens mei de sipier.
Doe sei se tsjin de soldaet: "Jow my dyn klean en doch dû minen oan." Doe liet se him frij yn frouljusklean. Sels bleau se yn syn klean yn 'e cel achter.
De oare moarns woarde de 'soldaet' ophelle om deasketten to wurden.
Doe't se sjitte soenen, rôp de kapiteinsdochter: "Vader, vader, denk er om, schiet niet, want ge schiet uw eigen kind neer! Mijn geliefde die is gevlucht."
Onherroepelik gongen de gewearen del. Sy moest direkt by har heit yn 'e hûs komme. Sy fortelde him hoe't it gong wie.
Har heit sei: "Fuort de jonge ophelje! Dû wyst wol hwer't er is."
"Ja," sei se, "hy is net fier." Doe't er by har heit op kantoar kom, hied er de frouljusklean noch oan.
"Bistû like forleafd op myn dochter as dat hja forliefd is op dy?" frege er.
"Ja," sei er, "wy binne allebeide forliefd op elkoarren, kaptein."
"Nou," sei de kaptein, "dû meist fuort mei myn dochter trouwe. Ik sil dy meitsje ta earste ofsier."


Beschrijving

Een kapiteinsdochter had stiekem verkering met een gewone soldaat. Toen de vader erachter kwam, liet hij de soldaat de doodstraf opleggen. De avond voor de executie, ging de dochter de cel in. Ze ruilde van kleding met de soldaat, zodat hij kon ontsnappen. De volgende ochtend kwam de kapitein erachter. Hij liet de soldaat komen en vroeg hem of hij verliefd op zijn dochter was. De jongeman beaamde dat. Toen heeft de kapitein hem tot eerste officier gemaakt, en konden ze trouwen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 655, verhaal 4

Commentaar

2 mei 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21