Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065721

Een sage (mondeling), zondag 26 januari 1969

Hoofdtekst

Froeger wie 't de gewoante yn Fryslân dat in feint samar ûnforwachts nei in faem ta gong op in snein-to-joun.
Dat waerd fan tofoaren net ôfpraet. As it net nei 't sin wie, stjûrde se him wer fuort.
Der wenne in faem by de boer. Dy hie hwat in wyld hier yn 'e nekke.
't Wie snein, en de boer sei tsjin har: "Dû hast nochal hwat feinten hawn sa foar en nei, net?"
"Ja," sei se, "njoggen en njoggentich. Mar joun wol 'k de honderdste ha, al wie 't de duvel ek."
Hja hienen iten dy jouns, 't wie oan 't ôfwaskjen ta.
Sy wienen hwat let. Doe kom der ien by de doar. 't Wie om de faem to rêdden.
"Kom der mar yn", sei de boer, Dyselde kaem der yn.
"Hjir is ien yn 'e hûs om dy", sei de boer tsjin 'e faem. Hja wie yn 'e keuken en soe skûdelwaskjen.
De faem kom yn 'e keamer.
"Goejoun" sei se.
"Goejoun" sei dy oare.
Mar de faem seach fuort wol, dat it gjin goed spul wie.
"Komme jo om my?" frege se.
"Ja", sei dy oare. "Skikt it?"
"'t Skikt wol, mar ik wol earst de boarden ôfwaskje", sei se. "Wolle jo sa lang geduld dwaen?"
"Jawol", sei de duvel.
Doe hie de faem alle boarden ophelle, dy't ôfwasken wurde moesten en dy hie se flak foar de duvel yn diggels falle litten en doe sei se: "Ik waskje se yn der ivichheit net ôf."
Doe wie de duvel troch de skoarstien wer ôfset.

Onderwerp

AT 1187* - Unfinished Work    AT 1187* - Unfinished Work   

ATU 1187* - Unfinished Work.    ATU 1187* - Unfinished Work.   

Beschrijving

Een meid had al 99 vriendjes gehad, en wilde die avond de 100e, al was het de duivel zelf. Die avond na het eten kwam inderdaad de duivel. Ze vroeg of hij even wilde wachten, zodat ze kon afwassen. Ze nam de borden en gooide ze voor de voeten van de duivel kapot. Daarbij zij ze dat ze ze in de eeuwigheid niet af zou wassen. Toen is de duivel door de schoorsteen weer vertrokken.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 657, verhaal 21

Commentaar

26 januari 1969
Unfinished Work

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21