Hoofdtekst
Anne Beamke fan 'e Harkema fortelde, dat hy krige op in kear in luchtposttillegram fan 'e Ingelske koaning. Hy moest dêr by de koaning op 't paleis komme om him in Ingelske tún oan to lizzen.
Hy wie nei Ingelân ta fard en doe wied er dêr oan 't wurk gong. Doe't er de tún op in lyts hoekje nei, omhakke hie, foun er in klompe goud. Hy roan der mei nei de koaning ta en sei: "Sire, ik haw in hiel dik stik goud foun; hjir is 't ."
Doe sei de koaning tsjin him: "Omdat jo sa earlik binne, meije jo dat goud hâlde."
Hy hie dêr in protte jild fortsjinne en kom wer thús mei de klompe goud yn 'e blauwe sek.
Hy gong by âlde Wietsma oan, dat wie de sulversmid fan Surhústerfean, om dêr it stik goud to forkeapjen, mar doe die bliken, de man hie safolle sinten net, en doe hie er it mar by him thús op 'e souder smiten.

Beschrijving
Een Friese man werd door de Engelse koning uitgenodigd om diens tuin te komen verzorgen. De man ging ernaartoe. Toen de tuin bijna klaar was, vond hij er een klomp met goud. Hij snelde naar de koning en liet zien wat hij gevonden had. Omdat hij zo eerlijk was, mocht hij het goud van de koning houden. Terug in Friesland wilde de man het verkopen aan de zilversmid, maar die had niet genoeg geld om het stuk op te kopen. Toen heeft de man het thuis maar op zijn zolder gegooid.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 659, verhaal 8
Commentaar
10 mei 1969
Naam Overig in Tekst
Anne Beamke   
Wietsma   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Engeland   
Friesland   
Ingelân   
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21