Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ067004

Een mop (mondeling), donderdag 31 oktober 1968

Hoofdtekst

Yn in doarp stie in doomny, dy wie dêr krekt biroppen.
Dy doomny hie altyd gâns meneuvels by de preek.
Hy dânse somstiden sahwat yn 'e preekstoel om, dêr mochten de lju net oer.
De âlderlingen en de koster kommen by elkoar en seinen: "Dat moatte wy him ôfleare. Mar hoe?"
De koster wist rie. De preekstoel stie op ien poat.
"As wy dy poat nou ris op in lyts eintsje nei trochsaechje", sei de koster.
Doe seinen de âlderlingen: "Dat is goed bitocht."
De koster sage de poat krapoan troch.
De sneins preke de doomny oer it ûnderwerp: Als ik kom, dan kom ik haastiglijk.
Dat helle er sa nou en dan oan yn 'e preek, mei in soad bombaerje der by.
De koster tocht hyltyd: Nou giet er.
Doe sei er wer us: Als ik kom, dan kom ik haastiglijk. En dêr makke er in sprong by, dat de poat knapte en dêr lei de preekstoel oer de wereld mei de doomny der by.
"Doomny," sei de koster. "ik hie jo al folle earder forwachte."


Onderwerp

AT 1825C - The Sawed Pulpit    AT 1825C - The Sawed Pulpit   

ATU 1825C - The Sawed Pulpit.    ATU 1825C - The Sawed Pulpit.   

Beschrijving

Een dominee bewoog altijd vreselijk veel tijdens het preken. De koster sprak met de ouderlingen af dat ze de poot van de preekstoel gedeeltelijk door zouden zagen. Juist op het moment dat de dominee zei: "Als ik kom, dan kom ik haastiglijk," brak de stoel. De koster zei: "Dominee, ik had je al veel eerder verwacht."

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 670, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

31 oktober 1968
The Sawed Pulpit

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21