Hoofdtekst
Yn Mearum (= Marum Gr.) wenne in man dy bileefde ek altyd nuvere dingen. Tominsten neffens syn sizzen. Hy hiet fan Leffert Boonstra en wie koopman. Hy ried mei de hounekarre nei Grins.
"Op in kear," sei er, "hie 'k safolle handel, dat ik moest alles opstapelje op 'e karre, de iene kiste op 'e oare. Hinnen en kninen en biggen en neam mar op. It wie in fracht op 't lêst, ôfgryslik.
Ik spande myn trije hounen foar de karre en dat gong op Grins yn.
Mar doe't ik by Harkema (yn Grins), by de siedhandel kom, ûnder 'e trochreed, doe moest ik ôflade, hwant dêr koe 'k net ûnder troch."

Beschrijving
Een man beweerde eens zijn hondenkar zo vol geladen te hebben, dat hij niet onder een viaduct door kon.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 672, verhaal 13
Commentaar
27 april 1969
Naam Overig in Tekst
Mearum   
Leffert Boonstra   
Naam Locatie in Tekst
Groningen   
Marum   
Grins   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21