Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ067215

Een mop (mondeling), zondag 27 april 1969

Hoofdtekst

Trije fiskers sieten by elkoar yn 't café. Sy praetten ôf, sy soenen de oare deis mei har trijen to fiskjen. De iene sei: "Ik fang moarn de dikste fisk."
Sy gongen de oare deis nei Gaarkeuken (Gr.) to fiskjen.
Deselde dy't de foarige deis sein hie, dat er de dikste fisk fange soe, krige byt. En hy hie gelyk hawn, hwant der siet sa'n dikke fisk oan 'e angel, dat sy koenen him mei har trijen net op 'e wâl krije.
Op it lêst die dy fisk de bek iepen en sei: "Goeije dag." En doe gong er wer fuort.
De oare deis gongen de trije maten wer nei dat plak ta to fiskjen. Doe krige de twadde byt. Mei har trijen lutsen se. 't Wie deselde fisk. Mei gâns muoite hienen se him omtrint op 'e wâl. Doe foel dy iene fisker in goune ta 't festjebûske út ûnder 't lûken. De fisk fangt him op yn 'e bek en seit: "Dy ha 'k mar wer", en dan wurdt er wei yn 't wetter.
De oare deis gongen de trije man der wer hinne. Mar nou gongen se op 'e oare kant fan 'e slûs sitten.
Doe krige de trêdde byt. 't Wie wer de selde fisk. De fisker lûke en lûke en wer lûke en op 't lêst, doe hied er him tichte by him. De fisk die de bek iepen en doe kommen der njoggen dûbeltsjes út.
Doe sei de snoek: "Ik haw in dûbeltsje jown foar 't skutten, mar ik kom net wer." (Sy wienen oan 'e oare kant fan 'e slûs sitten gien)




Onderwerp

AT 1960B - The Great Fish    AT 1960B - The Great Fish   

ATU 1960B - The Great Fish.    ATU 1960B - The Great Fish.   

Beschrijving

Drie vissers gingen drie dagen achter elkaar samen vissen. Elke dag ving een van hen een enorm grote vis, elke keer dezelfde. De eerste dag zei de vis 'hallo' en zwom hij weer weg. De tweede dag hapte hij een gulden van de wal. De derde dag waren de mannen aan de andere kant van de sluis gaan zitten. De vis spoog nu negen dubbeltjes uit, omdat hij door de schutsluis was gegaan.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 672, verhaal 15

Commentaar

27 april 1969
Bij Van der Kooi meer specifiek: The Great Fish 4 : Grote snoek laat zich in vaart schutten.
The Great Fish

Naam Overig in Tekst

Gaarkeuken    Gaarkeuken   

Naam Locatie in Tekst

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21