Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ067301

Een mop (mondeling), zondag 26 januari 1969

Hoofdtekst

Der wenne in boerke yn Sumar. Dy hie fiif beesten. Mar der wie ien by dy woarde al hwat âlder en dy wie sa fier hinne, dy moest forkocht wurde. Hwant dy gong hurd fan him ôf.
It boerke woe der mei nei de Ljouwerter fémerk ta.
Dat de tongersdeis gong er mei de koe achter him oan 't tou op stap. Underweis praette hy tige mei de koe.
Nou wienen der in pear fédieven, dy wisten fan 't gefal ôf.
Dy roannen stikum achter him oan en hellen him yn.
De iene die de rym fan 'e koe om syn eigen hals en de oare gong mei de koe fuort. De âld man stapte mei de iene fédief fuort.
Achter de Greate Wielen sei de boer: "Nou wol 'k even in pypke smoke." Hwant hy wie warch. Doe seach dat boerke dat er in man oan 't tou hie ynpleats fan in koe.
Doe flokte er alles by elkoar.
Mar doe sei dy fédief: "Net flokke. Hwant dêrtroch haw ik altyd sa lang in koe west."
Doe't dy boer dat hearde, liet er him frij. "Dû hast sa lang by my op 'e stâl stien," sei er, "en dû hast my safolle molke jown, dat dû meist gean hwerst wolste. Ik bin nou doch sa fier, ik wol nou doch mar even nei de merk ta."
En sa kom er sûnder koe op 'e merk. Hy rint by 't fé lâns en dan sjocht er dêr in koe, dy liket krekt op sines. 't Mat deselde wol wêze.
As er him bisjocht, seit de koopman: "Wolle jo him keapje?"
"Né", seit er.
Doe gong de koopman der by wei. Mar it boerke rint op 'e koe ta en hy flústert him yn 't ear: "Hast al wer flokt?"
(meidield troch Rinse Bruining fan Surhústerfean)


Onderwerp

AT 1529 - Thief Claims to have been Transformed into a Horse    AT 1529 - Thief Claims to have been Transformed into a Horse   

ATU 1529 - Thief as Donkey    ATU 1529 - Thief as Donkey   

Beschrijving

Een boer ging zijn oudste koe op de markt verkopen. Hij liep naar de markt met de koe aan een touw achter zich aan. Veedieven maakten zonder dat hij het door had de koe los, en een van hen bond zichzelf vast aan het touw. Toen de boer erachter kwam, vloekte hij alles bij elkaar. De man zei toen dat hij vroeger ook zo had staan vloeken, en dat hij daarom jarenlang een koe was geweest. De boer had medelijden en liet de man gaan. Op de markt zag hij later die dag een koe die precies op de zijne leek. Hij liep op het dier af en vroeg of hij alweer zo gevloekt had.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 673, verhaal 1

Commentaar

26 januari 1969
Thief Claims to have been Transformed into a Horse

Naam Overig in Tekst

Rinse Bruining    Rinse Bruining   

Greate Wielen    Greate Wielen   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Sumar    Sumar   

Suameer    Suameer   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21