Hoofdtekst
To Rottum, yn 'e Rotten wenne in feint, dy hiet fan Gerrit de Jong. Dy feint hie forkearing mei in boerefaem, dy wenne by in boer, in sekere Van Es.
Op in joun sit dy feint yn 'e herberch. Hy sûpt in stik of fjouwer buorrels op en dan en lit er him dêr yn 'e herberch ûntfalle dat er dyselde jouns ien fan kant meitsje mat.
Hy giet út 'e herberch wei en springt op 'e fyts. Hy rydt nei Van Es ta. Hy kloppet dêr oan 'e doar. Hy wol de faem wolris sprekke, seit er. Mar sy sizze tsjin him: "De faem is net thús." Mar de feint is net ûnnoazel, hy springt troch 't glês hinne en giet nei de faem ta; dy sit yn 'e keuken. Hy kriget in great mes en snijt dy faem de kop heal ôf.
De boer sjocht it. Dy rint nei de telle en hellet in heafurke op. Dêr stekt er dy feint mei yn 'e bealch. De feint springt troch 't glês hinne. Mar as er oan 'e oare kant is, is er dea. Sy ha doe dy feint opbaerd by de boer.
In pear jier letter sei de boer: "It spûket hjir op 'e telle." Wit hoe faek hearde hy dêr de klank fan 'e stem fan dy feint. It woarde op 't lêst sa slim, dat hy woe der net langer wenje. Doe is er nei Stobbegat forhuze.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Een jongeman dronk eens vier borrels in de herberg. Hij zei dat hij die avond iemand van kant zou maken. Hij ging naar zijn meisje bij een boer. In de keuken sneed hij de nek van de meid half door. De boer stak met een hooivork in de man. De jongeman sprong door het glas en was dood. Het lijk is bij de boer opgebaard. Later spookte het op de dorsvloer, de boer hoorde vaak de stem van de jongeman. Hij is toen verhuisd.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 677, verhaal 3
Commentaar
1 juli 1969
Andere Tote spuken.
Naam Overig in Tekst
Gerrit de Jong   
van Es   
Naam Locatie in Tekst
Rottum   
Rotten   
Stobbegat   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21