Hoofdtekst
Der wie in earme man, dat wie in swalker. Dy hie nergens in thús. Hy kom op in kear yn 'e tsjerke. De doomny hâldde in moaije preek. Hy spriek de minsken oan mei broeders en zusters. Dy earme man hie soks noch noait in kear heard. Hy tochte: as ik in broeder bin fan doomny, dan mat ik mar ris nei him ta. Doe't de tsjerke út wie gong er nei de pasterije.
De faem die iepen en sei: "Hwa binne jo?"
Hy joech de faem de hân en sei: "Ik bin doomny syn broeder."
"Nou," sei de faem, "gean dan mar sitten."
De earme man siet noflik achteroer yn syn briedstoel, doe kom in fiif minuten letter doomny der yn.
De faem hie al tsjin him sein: "Doomny syn broer sit hjir."
Doe't doomny der yn kom, kom de earme man oerein en sei:
"Ik bin doomny syn broeder."
"Mijn broeder?" sei doomny, "mijn broeder? Ik ken deze broeder niet."
"En krekt yn 'e tsjerke seinen jo noch, dat ik wie jou broeder", sei de man.
"Ja, hoor eens," sei doomny, "maar dat zijn we nou niet. Broeders zijn we in 't hiernamaals."

Onderwerp
VDK 1735C* - Broeders bij God, maar niet in de pot   
Beschrijving
Een zwerver hoorde de dominee in de kerk de mensen eens aanspreken met broeders en zusters. Toen de kerk uit was, ging hij naar de dominee en zei tegen de meid dat hij de broeder was van de dominee. Maar toen de dominee hem zag, zei hij dat ze pas in het hiernamaals broeders zouden zijn.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 677, verhaal 5
Commentaar
1 juli 1969
Broeders bij God, maar niet in de pot
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21