Hoofdtekst
Warmolds wie in boerke fan Stiensgea. Hy hat yn 'e Harkema it evangeelje brocht en dêr in tsjerkje delsette litten. Der wienen guon dy hienen in hekel oan him. Op in joun moest er de Turfloane del fan Stiensgea nei Harkema. Doe hienen se tsjin him sein: "pas op, dêr lizze in pear klear, dy wolle jo deameitsje." Dat wienen guon dy't de pik op him yn hienen. Mar Warmolds joech dêr neat om. De beide mannen leinen yn 'e sleatswâl. Doe kom Warmolds der oan stappen. Mar doe't er oan 'e mannen ta wie, wie er net mear allinne. Hy hie ien njonken him rinnen, in kammeraed.
Doe doarsten de beide keardels him net oan to fallen.
Letter fregen se Warmolds hwa't er dêr by him hawn hie. Mar dat hie Warmolds net witen. Hy sei: "Ik wie allinne, der het noait ien njonken my west.
Doe doarsten de beide keardels him net oan to fallen.
Letter fregen se Warmolds hwa't er dêr by him hawn hie. Mar dat hie Warmolds net witen. Hy sei: "Ik wie allinne, der het noait ien njonken my west.
Onderwerp
VDK 0770A* - De engelenwacht   
sinVDK 0770A* - Die Engelwache   
Beschrijving
Een paar mensen hadden nogal een hekel aan de dominee. Op een avond wachtten ze hem op om hem te vermoorden. Maar toen hij aan kwam lopen, was de dominee niet meer alleen. Later vroegen ze hem met wie hij gelopen had. Maar de dominee zei dat hij alleen was geweest, er had niemand naast hem gelopen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 680, verhaal 11
Commentaar
20 mei 1969
De engelenwacht
Naam Overig in Tekst
Warmolds   
Naam Locatie in Tekst
Stiensgea   
Augustinusga   
Harkema   
Turfloane   
Turflaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
