Hoofdtekst
Doomny de Cock fan Ulrum hat de ôfskieding brocht. Doe gong it dêr tsjin elkoar. Guon hâldden it mei de doomny en guon wienen syn fijânnen. Doomny de Cock hie in faem, dy wie ledemaet by him yn tsjerke woarn. Dy hâldde 't mei him en stie oan syn kant.
Dy faem hie forkearing mei in jonge baes. Mar dy jonge baes koe net mei doomny opsjitte. It wie syn fijân. Doe tocht er: "Ik sjit him dea." Op in joun wist er dat doomny der op út moest. Doe gong er achter in stienbult lizzen mei 't gewear laden. Hy wist dat doomny dêr lâns moest.
Mar doe't doomny oan dy stienbult ta wie, doe seach dy jonge persoan ynienen twa man ynpleats fan ien. Doe doarst er net sjitte, omt der twa wienen. Hy woarde dêr sa binaud troch, dat hy is letter nei doomny de Cock ta gong. Hy fortelde him alles. "Jo hienen selskip krige", sei er.
"Né," sei ds. de Cock, "ik hie gjin selskip."
Doe bigoun de feint to gûlen en fortelde al syn sûnden en doe woarde er noch bihâlden.

Onderwerp
VDK 0770A* - De engelenwacht   
sinVDK 0770A* - Die Engelwache   
Beschrijving
Een jongeman wilde eens een dominee vermoorden. Hij wachtte hem op met zijn geweer. Maar toen de dominee langs liep, was hij opeens niet meer alleen, en de jongeman durfde niet te schieten. Later ging hij alles opbiechten bij de dominee. Die verzekerde hem toen dat hij alleen had gelopen. De jongeman begon te huilen en vertelde over al zijn zonden en werd toen toch nog behouden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 680, verhaal 12
Commentaar
20 mei 1969
De engelenwacht
Naam Overig in Tekst
de Cock   
Naam Locatie in Tekst
Ulrum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21