Hoofdtekst
Heit fortelde, Sterke Hearke roan froeger wol ris mei jild. Dat wie foar de banken. Dat moest dan nei in oar plak ta brocht wurde. Op in kear moest Hearke dat ek wer ris dwaen.
Hy droech it jild yn in sek op 'e rêch.
Der wienen in pear, dy wisten dat, dy hienen it op it jild forsjoen. Sy woenen Hearke pakke. Sy pasten op him en hienen har forskûle. Doe't hy der oan kom foelen se him oan en Hearke rekke ûnder fuotten. Mar hy kom hurd oerein en doe pakte er de iene en dy smiet er oer de sleat hinne. Dêr wie er ôf. Doe soed er de oare krije, mar dat hoefde net mear, hwant dy wie hurd útnaeid.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Op een keer was Sterke Hearke met een zak geld op zijn rug onderweg. Een paar mannen wilden hem toen beroven. Maar de ene rover smeet Hearke over de sloot heen, en ging de ander er al snel vandoor.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 680, verhaal 18
Commentaar
20 mei 1969
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21