Hoofdtekst
Hjir wie in bern siik. It bern krige medesinen fan dokter. 't Joech neat. Der sieten oare machten achter neffens de âlden. Der wie ien dy lapte dat; in tsjoenster.
Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Dy sei, se moasten it kjessen fan 't bern iepen snije en dan de krânsen der út helje. Dy moasten opbarnd wurde yn 'e kachel. Doarren en blinen moasten ticht. Ek de slotsgatten en de hartsjes yn 'e blinen.
De skoarstien net. Hwant de machten fan 'e tsjoenster dy moasten ta de skoarstien út. Dy moast iepen bliuwe.
De tsjoenster kaem om 'e doarren hinne en woe der yn.
Hja binne to witten kaem hwa't de tsjoenster wie. Hja makken mei kryt in krús oer de drompel. Dêr leinen se in matsje oer. Deselde dy't de tsjoenster wie koe der sa ûnmooglik oer.
Doe't it minske kaem, krige se 't matsje dêr wei en fage it krús út.
Doe wisten dy minsken hwa't it bern bitsjoend hie.

Onderwerp
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
Beschrijving
De ouders van een ziek kind gingen naar Wopke, de duivelbanner van Kûkherne. Die zei dat ze kransen in het kussen van het kind zouden vinden, en dat ze deze moesten verbranden. Ook moesten ze alle gaten in huis dichtmaken, behalve de schoorsteen. Thuisgekomen zetten de mensen ook nog een kruis op de drempel, zodat de heks niet binnen zou kunnen komen. Zo kwamen de mensen erachter wie de heks was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 694, verhaal 7
Commentaar
5 juli 1969
Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21