Hoofdtekst
Myn heit en mem en mem har mem hienen op bisite west nei Nes. Sy kamen fan Nes ôf to gean werom nei Moddergat ta.
't Wie moai ljochtmoanne waer. Mem seach in persoan, sy sei tsjin beppe: "Mem, wy moatte de skelk even oer 't earizer dwaen."
Beppe seach neat. Sy sei: "Hwerom?"
Mem sei: "Och, der binne wolris murdejeijers yn 't fjild by nacht. Men wit noait hwat sa'n ien dwaen kin. Miskien taestet er wol nei 't earizer."
Doe kaem der in man oan. Heit sei: "Ik ha dy man lang al oankommen sjoen."
Dy man kaem skean op harren ta. Hy wie al achter har, oan 'e oare kant fan 'e sleat. Doe gong er flak by harren lâns.
't Wie dúdlik in man.
Mar doe ynienen wie 't in hynder. Dy man hie him yn in hynder foroare.
Myn âlden wennen flak tsjin mem har mem oer. Mar oarremem wie sa bang, dy tocht: "As ik nou aenst allinne dwars oer de wei moat, hoe kom ik dan thús..."

Onderwerp
SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   
Beschrijving
Een echtpaar was eens op de terugweg naar huis, toen er een man aankwam. Maar juist op het moment dat hij passeerde, veranderde de man in een paard.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 698, verhaal 5
Commentaar
12 juli 1969
Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Locatie in Tekst
Nes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21