Hoofdtekst
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander.
De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen."
Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare wurden sizze, en dat sil er wol net wolle."
Hy bidoelde, oarreheit moast der by flokke.
"Né, dat wol er grif net", sei deselde, dy't der hinnestjûrd wie. "Nou," sei de duvelbander, "dat hindert neat, dan sil ik it wol foar him dwaen."
De boadskipper krige in drankje mei. De duvelbander sei:
"Tink der om, der mei jo net ien passeare, oan 'e kant dêr't it drankje sit. Oars giet it drankje stikken. En as jo thús komme, meije der gjin fremde eagen nei de drank sjen."
Underweis werom wie der ien oankaem. Dy woe bislist oan 'e kant lâns dêr't er it drankje yn 'e binnenbûs hie. Op 't lêst wie er op 'e kant fan 'e sleat west. Dy persoan treau him hast yn 'e sleat. Dy woe bislist links passeare, dat hy rekke kantroerend, krekt noch by de sleat lâns.
Doe't er thús kaem, wie deselde dy't fan 'e tsjoenderij fortocht waerd, èk yn 'e hûs. 't Wie in frommes.
"Ik ha heard," sei se, "jo hienen nei de wûnderdokter ta west. Hat er jo ek in drankje mei jown? Hwant sjoch, as er jo in drankje meijown hat, mei net ien bûten de húsgenoaten dat sjen. As jo dat drankje nou yn 't kammenet ha en de keamersdoar stiet iepen, dan is dat rjocht tsjinoer de ûlepanne yn it dak. (= een dakpan met een glazen verhevenheid er in)
As se dêr dan troch sjogge, kinne se krekt de drank yn 't kammenet sjen. Dan wurdt de man net wer better."
De duvelbander hie der by sein: "It kin der de trêdde nachts wolris raer oan wei gean. Dan moatte se gjin ljocht op dwaen."
De duvelbander krige gelyk. Oarreheit en oarremem waerden de trêdde nachts mei bêd en al optild en kamen yn 'e kelder tolânne. Doe woe oarreheit der ôf en 't ljocht opdwaen.
Mar oarremem hâldde him tsjin en sei: "Dat giet oer, der komt gjin ljocht op." Sy bleauwen op bêd yn 'e kelder lizzen.
Fierder fortelde mem der net fan. Der wienen krânsen yn 't kjessen foun woarn, dy hienen se opbarnd.

Onderwerp
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
Beschrijving
Een man was eens betoverd, en iemand ging met zijn urine naar de duivelbanner. Deze gaf een drankje mee en de waarschuwing dat er op de terugweg iemand zou proberen het flesje kapot te maken. Als hij thuiskwam, mochten er geen vreemde ogen over het drankje gaan. Inderdaad kwam er iemand op de terugweg vlak langs hem lopen, maar het flesje bleef heel. In het huis van de zieke was degene die verdacht werd van het betoveren, en ze zorgden ervoor dat zij het drankje niet te zien kreeg. Ook had de duivelbanner gezegd dat de derde nacht nogal ruig zou zijn, maar dat ze geen licht mochten aandoen. Inderdaad was de derde nacht heftig, de man en zijn vrouw kwamen met bed en al in de kelder terecht. Ook vonden ze kransen in het kussen van de man; deze hebben ze verbrand.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 698, verhaal 6
Commentaar
12 juli 1969
Het drankje van de duivelbanner
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21