Hoofdtekst
Der wie in man dy woe yn 'e tilbry nei Ljouwert ta. Hy sei tsjin syn frou: "Wolst èk mei? Hwant de prins dy komt yn 'e stêd, dy wol 'k sjen."
De frou sei: "Né, it past my net. Ik mat hjoed himmelje."
Dat, doe gong dy man der allinne op út.
Underweis stie der in mynhear oan 'e kant fan 'e wei. Dy frege of er mei ride mocht.
Dat koe mei alle wille. It wie de prins sels, mar dêr wist dy yn 'e tilbry neat fan.
"Ik wol nei stêd ta," sei de boer, "hwant ik wol de prins sjen."
De prins praette nergens oer. Mar doe't se yn 'e stêd wienen, stapte er út en sei: "Nou hat de prins mei jo riden. Hwat matte jo ha?"
"As jo de prins binne, wol 'k neat ha", sei de boer.

Onderwerp
VDK 1525Z* 36 - De vrouw en de dief   
Beschrijving
Een man ging eens naar de stad. Die dag zou de prins daar zijn, en die wilde hij wel eens zien. Onderweg vroeg een man of hij mee mocht rijden, dat was prima. Toen ze in de stad aankwamen, zei de passagier dat hij de prins zelf was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 699, verhaal 9
Commentaar
6 mei 1969
De vrouw en de dief
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21