Hoofdtekst
Myn man syn tante dy hie in famke, dat wie bitsjoend.
Sy wennen oan 'e Skieding. Rikele Myt krige dêr de skuld fan. Sy ha alle gatten yn 'e hûs tichtmakke, alles - èk it kaeisgat. Doe ha se in panne mei spjelden oer 't fjûr set. Dy moesten siede. Doe kom de tsjoenster om 'e doar hinne. Dy raesde it út fan 'e pine.
Hja hie it famke in kear in stik brea mei sjerp jown. Dêrtroch hie se 't bern yn 'e macht krigen.
Doe't se 't kessen fan 't bern iepen makken sieten dêr trije krânsen yn. De iene krâns wie noch net klear. Oars hie 't bern al dea west. Mar sy ha 't famke net bihâlden. Al gau dêrnei is 't bern stoarn.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een kind was betoverd. De mensen verdachten Rikele Myt ervan de heks te zijn. De ouders maakten alle gaten in huis dicht, ook het sleutelgat. En ze kookten spelden. De heks kwam aan de deur en gilde het uit van de pijn. Ook vonden ze kransen in het kussen van het kind. De derde was nog niet helemaal af, maar toch is het kindje gestorven.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 701, verhaal 14
Commentaar
11 juli 1969
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Skieding   
Rikele Myt   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21