Hoofdtekst
Ik hie hjir in buorwiif, dat wie IJte Griet. Har man IJe dat wie in neef fan IJe Wykstra, dy't fjouwer plysjes deasketten hat. Hja wie in greate rabber en praette altyd oer in oar. En 't wie ek in greate hoer. Ik haw har ris attrapearre mei in oare keardel. Sy koe wol tsien kear om my hinne. Sy wie hjir sahwat baes. Ik mocht har net sjen.
Op in kear doe wie 'k siik. Ik lei op bêd. Doe kom se by my en doe brocht se my in pear hoazzen. Mar ik smiet se har wer ta. Ik sei: "Dû mast fuortgean."
Mar dat die se net. Sy rabbe en kletste mar fan in oar.
Doe sei ik: "It sil der dy wol nei gean." Dy wurden, dy woarden my ynjown. Wylst ik dat sei, wie der in slange boppe har holle, dy't kronkele. Sa like 't krekt tominsten.
It is der har nei gong. Sy hat in jier of hwat letter kanker krige en sy hat in greate soan forlern.
Sy rint no al jierren mei in buiske yn 'e hals.

Beschrijving
Een vrouw roddelde erg veel en ging ook vreemd. Toen ze eens bij een zieke man kwam, wilde hij niets van haar aannemen. Hij zei dat ze wel gestraft zou worden voor haar daden. Een jaar later is de vrouw haar zoon verloren en heeft ze kanker gekregen. Tot haar dood heeft ze met een buisje in haar keel gelopen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 701, verhaal 17
Commentaar
11 juli 1969
Naam Overig in Tekst
IJte Griet   
IJe Wykstra   
IJje Wijkstra   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21