Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ070201

Een mop (mondeling), donderdag 10 juli 1969

Hoofdtekst

Der wienen ris in jongfeint en in faem, dy hienen al in skoftsje forkearing mei elkoar hawn. It spile him ôf yn Limburch. It wie dêr de gewoante dat se elkoarren mei krysttiid kedootsjes joegen lyk as by ús mei Sinteklaes.
Op in joun gong dy jongfeint wer nei syn faem ta. Hy tocht: "Ik keapje har in pear moaije nije nylon-hoazzen. Dêr sil se wol mei ynnom wêze." En dat wie ek sa.
In pear dagen letter komt er wer by har en dan freget er:
"Hoe is 't, hast de nylons al ris oanpast?"
"Jawis," sei se, "mast mar ris sjen"; hja hie se oan. Hy seach. Op 'e iene hoas stie boppeoan: Vrolijke kerstdagen en op 'e oare "Gelukkig nieuwjaar."
Doe sei se: "Nou ha 'k neat foar dy, dat is my al hwat yn 'e wei." Mar hy sei: "Och bern, dat hindert suver neat. Ik formeitsje my wol tusken de frolike kerstdagen en it gelukkig nieuwjaar."


Beschrijving

Een jongen gaf zijn vriendinnetje met de kerst eens een paar nylons. Ze trok ze aan en liet het hem zien. Op het ene been stond 'vrolijke kerstdagen' en op het andere been 'gelukkig nieuwjaar'. Het meisje zei dat ze het jammer vond dat ze nu geen cadeautje voor hem had. Maar hij zei dat dat niets gaf, hij vermaakte zich wel tussen de vrolijke kerstdagen en het gelukkig nieuwjaar!

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 702, verhaal 1

Commentaar

10 juli 1969

Naam Overig in Tekst

Sinteklaes    Sinteklaes   

Sinterklaas    Sinterklaas   

Naam Locatie in Tekst

Limburch    Limburch   

Limburg    Limburg   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21