Hoofdtekst
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing mei elkoar. Mar dy feint hie noch noait hwat mei de faem dien, hwant dat woe se net lije. Sy hie 't wolris mei de hounen gebeuren sjoen, mar dat like har net sa moai ta.
Op in kear gong de feint wer nei syn faem ta. Hy tinkt: As ik nou wèr neat dwaen mei, gean 'k fuort en dan kom ik ek net wer. Doe't er tsjin har sei dat er hwat fan doel wie, sei se: "Dat wol ús mem net lije."
Hy sei: "Hwat kin my jimme mem skele." Hy gong fuort. Hy wie al oan 'e wei ta. Doe rôp se him werom. Sy sei: "Nou, 't mat dan mar. Mar dû mast my net fierder slepe as oan 'e drompel ta."

Beschrijving
Een meisje wilde nooit met haar vriendje vrijen. De jongen dreigde het uit te maken, als ze het niet deed. Ze zei dat haar moeder het niet wilde hebben, maar als hij zo dreigde , deed ze het wel. Maar dan mocht hij haar niet verder slepen dan tot de drempel.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 703, verhaal 4
Commentaar
8 juli 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21