Hoofdtekst
Der wienen in feint en in faem, dy tsjinnen by in boer.
De boer hie harren biloofd, sy mochten ris in kear togearre nei stêd ta. Op in joun sei er: "As 't moarn min waer is, kinne jimme wol nei stêd."
De oare moarns gong de faem ier en bitiid út bêd om to pisjen. Doe't se werom kom, sei de boer, dy't der krekt ôf kom: "Hwat waer is 't ?"
De faem sei: "Der foel fochte en de wyn skeat út." (Hja hie ôfblaesd ûnder 't pisjen)
"Dan meije jim hjoed nei stêd", sei de boer.
Doe't se fuort soenen, sei de boerinne, of se wol seis tinnene leppels út 'e stêd meinimme woenen.
"Dat komt ynoarder, frou", sei de faem.
De feint tocht: "Dat sil 'k ûnthâlde."
Sy gongen togearre yn in tilbry mei 't hynder der foar fan hûs. Underweis sei de feint tsjin 'e faem: "Hwerom sjochstû hyltyd achterom?"
"De frou sei tsjin my, ik moest myn eare net weislepe", sei de faem.
"Dêr wyt ik wol ried op," sei de feint, "dan stappe wy even út."
Sy stapten út en doe lei er de faem langút yn 'e berm en doe naeide dy feint har de eare fêst. Doe stapten se wer yn. Doe't se yn 'e stêd kommen forgeat de faem seis tinnene leppels to keapjen. Mar de feint forgeat it net. Hy kocht se sûnder dat de faem it fornom en stuts se stikem by him yn 'e bûs.
Underweis nei hûs ta sei de faem: "Wytst hwat ik forgetten ha? De leppels!"
De feint sei: "Dat is net sa slim. Ik kin wol leppels meitsje." Hy gong út 'e wein en hja ek. Doe gong er op har lizzen.
"Hoefolle mast ha?" frege er.
"Seis", sei se.
Hy die seis stompen en wylst goaide er iderkear in leppel foar.
Op in snein, doe krigen de boer en de frou praters; der wienen safolle, dat doe hienen se noch leppels to min.
Doe sei de faem: "Och, onze Jan, die maakt lepels, die maakt lepels, hoor."
Doe rôpen se Jan, de feint.
"Jan," sei de faem, "maak gauw een paar lepels, toe, maak er een paar."
"Och, forrek," sei Jan, "ik kàn geen lepels maken."
"Och frou," sei de faem, "dat liicht er allegear. Hy sloech my mei in stik lead tsjin 'e kont oan en doe hied er samar seis leppels klear."

Onderwerp
AT 1542** - The Maiden's Honor   
ATU 1542** - The Maiden’s Honor.   
Beschrijving
Een boer beloofde dat als het eens slecht weer was, de meid en de knecht samen naar de stad mochten. Op een ochtend kwam de meid van buiten en de boer vroeg wat voor weer het was. De meid zei dat het water viel en er een wind uitschoot (ze was naar het huisje geweest). De boer zei dat ze dan die dag wel naar de stad konden gaan. De boerin vroeg of ze dan zes lepels mee wilde nemen, en dat beloofde de meid. Onderweg zei de meid tegen de knecht dat de boerin had gezegd dat ze haar eer niet moest verliezen. Ze stapten uit, en de knecht naaide haar eer vast. In de stad vergat de meid de lepels helemaal, maar de knecht kocht ze stiekem. Op de terugweg dacht ze er opeens weer aan. Ze stapten uit, en de knecht ging op haar liggen. Hij gaf haar zes douwen, en gooide bij elke douw een lepel neer. Toen de boerin later nog eens lepels nodig had, zei de meid dat de knecht goed lepels kon maken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 703, verhaal 7
Commentaar
8 juli 1969
The Maiden's Honor
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21