Hoofdtekst
Op in kear sei er tsjin my: "Sille wy us in grap ha?"
Ik sei: "Goed."
Hy sei: "Hjir ha wy klaveraes." Doe skreau er op dy kaert: "Hjir mat in flesfol jenever foar komme." "Nou liz ik dy kaert bûten del," sei er, "en dan krijstou aenst de jenever oan."
Goed.
Hy sei tsjin my: "De flesfol jenever is der al." Doe ik fan 'e stoel en nei de achterdoar ta. Ik seach allinne mar in hân, dy rikke my de flesse jenever ta.
Doe die ik de koark fan 'e flesse. Ik geat in bytsje fan 'e jenever yn 'e hân en dat haw ik fuortsmiten oer 't skouder hinne.
Ik sei: "Dat is foar de helder, hear!" Doe ha wy de jenever togearre opdronken.

Onderwerp
SINSAG 0685 - Pikbube als Helfer.   
Beschrijving
Een tovenaar schreef eens op een klaveraas: "Hier moet een fles jenever voor komen." Hij legde de kaart buiten voor de deur. De ander moest toen de fles aannemen, hij zag alleen een hand. Hij gooide eerst wat drank over zijn schouder heen, en toen hebben ze de rest opgedronken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 705, verhaal 6
Commentaar
30 mei 1969
Pikbube als Helfer.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21