Hoofdtekst
Ik wie ris op in kear op 'e Grinzer Klaei by in boer. Dy boer hie in hûs, dêr wenne net ien yn. 't Wie in spûkhûs. De boer sei tsjin my: "Woestû dêr wol us in nacht yn sliepe, Marten?"
"Jawol," sei 'k, "hwerom net?"
"'t Spûket dêr, jonge", sei er.
Mar ik wie net bang. De boer sei: "Der binne wol bêdden, en ik sil dy iten bringe." Drank krige ik net.
Doe't ik dêr op bêd lei bigounen se om sa'n tolve ûre hinne to dânsjen op 'e souder.
Ik sei: "Jonge, dat mei 'k wol hearre."
Mar doe kom der bloed troch de souder hinne; dat foel op 'e flier. Ik steurde my der net oan en bleau stil op bêd lizzen. Ik wie doe noch in jonge baes.
Doe kommen der guon by my oer de flier: twa froulju en twa manlju. En dy bigongen dêr to fijseledânsjen, flak by my. De muzyk kom fan 'e souder.
Op 't lêst, doe't it al in ein yn 'e neinacht op wie, gongen se wer fuort. Fierder gebeurde der neat.
Doe't de boer de oare moarns kom, frege er: "Hoe is 't gong?"
"Bêst", sei 'k. "Allinne ien ding wie raer," sei 'k, "der kom bloed troch de souder."
Mar dêr woe de boer net fierder op yn gean.
Der woarde wol sein, dat dêr us ien formoarde woarn wie.
Dat bloed wie in teken dat se achterlitten hienen.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een boer daagde zijn arbeider eens uit om een nacht in diens spookhuis te slapen. Dat vond de arbeider prima. Maar om twaalf uur kwam er muziek van de zolder. Ook kwam er bloed door het plafond. Toen kwamen er twee mannen en twee vrouwen in de slaapkamer, en deze begonnen te dansen. De arbeider bleef rustig in bed liggen. De volgende dag vertelde hij de boer dat er bloed door het plafond was gekomen, maar daar ging de boer niet op in. Er zouden wel eens mensen in het huis vermoord zijn, en het bloed was daar een teken van.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 705, verhaal 7
Commentaar
30 mei 1969
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Grinzer klaei   
Groninger klei   
Marten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21