Hoofdtekst
Der wie in joad, dy hie trije soannen. Hy soarge der foar dat syn jonges alle trije goed oan 'e gong kommen. Doe hâldde er sels ek noch genôch jild oer.
Mar doe woarde dy joad siik en bigong to sukkeljen. Dat kostte in protte jild, dat op 't lêst wied er troch syn sinten hinne.
Doe't er op stjerren lei liet er syn trije soannen by him komme. Hy sei: "Ik ha ien bigearte. Ik woe graech dat jimme elk tûzen goune by my yn 'e kiste lizze en dat ik dêrmei bigroeven wurd."
"Ja, heit, dat dogge wy", seinen se.
Doe't er dea wie lei de earste soan tûzen goune by him yn 'e kiste.
De twadde soan lei ek tûzen goune by him yn 'e kiste.
De trêdde soan lei der in chèque yn fan trijetûzen goune en nom de beide briefkes fan tûzen der út. Dan koe syn heit, as er wer opstie, mar nei de bank ta gean en de trijetûzen goune opfreegje.

Onderwerp
VDK 1855B* - De cheque in de kist   
Beschrijving
Een Jood had drie zonen. Hij begon te sukkelen, en al snel was hij door zijn geld heen. Hij vroeg zijn zonen, als hij dood ging, elk duizend gulden in de kist te leggen, zodat de begrafenis betaald kon worden. De eerste twee zoons deden dat. De derde zoon legde een cheque van drieduizend gulden in de kist, en nam de twee andere briefjes mee. Als zijn vader dan weer opstond, kon hij naar de bank gaan, en de drieduizend gulden opvragen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 707, verhaal 4
Commentaar
18 juli 1969
De cheque in de kist
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21