Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ071112

Een sage (mondeling), vrijdag 01 augustus 1969

Hoofdtekst

Yn Twizelerheide wenne in sekere Knjillis Veenstra. Hy wie mei de helm geboaren. Hy gong der nachts faek út. Dan moest er lykstaesjes sjen. Hy woarde dreaun. Hy moest soms sa hurd, dan hied er net iens tiid om him fatsoenlik oan to klaeijen. Dan hied er mar gau hwat bêddeguod om him hinne goaid, lyk as in lekken ensa. Hy roan soms oan 't spoar ta. Hy hat sjoen fan tofoaren dat syn eigen dochter har foar syn hûs fordronk.
Hy hie in soan, dy wie troud, dy wenne dat nei Westergeast út. Hy seach fan tofoaren, dat dy soan him ophong yn 'e apelbeam.
Kees wie in rare, botte keardel. 'Keke' seinen se tsjin him.
Knjillis hie ek in soan, dy wie molkrider. Dy wie troud; syn frou kom út 'e Twizeler Mieden.
Hy sei tsjin syn soan: "It giet strak raer mei jim."
"Hoe sa", sei de soan. Hy sei: "Dû rekkest aenst by 't wiif wei en dû troust wer mei in oar frommes, dat folle jonger is as dû. En dy stjert yn 'e kream."
Dat kom allegear út. De man troude mei in jonger frommes. Hja forstoar yn 'e kream. Hja wie de earste dy't op 't nije tsjerkhôf to Twizel biïerdige woarde. Hja hie in wite doek oerhoeks oer de kiste lizzen. Dat hie Knjillis allegear fan tofoaren sjoen.
Hy hoefde der net àlle nachten út. En doe't er âlder woarde hoefde er sa fier net mear to rinnen.


Onderwerp

TM 2901 - Helmdragers    TM 2901 - Helmdragers   

Beschrijving

Knjillis Veenstra was met de helm geboren. Daardoor moest hij 's nachts vaak opstaan om lijkstoeten te zien. Ook zag hij vantevoren hoe zijn dochter verdronk en hoe zijn zoon zichzelf ophing aan een appelboom. Van zijn andere zoon wist hij vantevoren dat hij met een andere, veel jongere vrouw zou trouwen, die in de kraam zou sterven.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 711, verhaal 12

Commentaar

1 augustus 1969
Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Knjillis Veenstra    Knjillis Veenstra   

Kees    Kees   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Twijzelerheide    Twijzelerheide   

Keke    Keke   

Twizeler Mieden    Twizeler Mieden   

Twizel    Twizel   

Twijzel    Twijzel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21