Hoofdtekst
Stammerige Harm wenne oan diz kant de Swadde. Hy hie in wikseldaelder. Hy hie apart in ponkje yn 'e bûs, dêr siet dy wikseldaelder yn. Soms sei er: "Hjir, krij him mar."
Mar dan seinen se: "Net oannimme, hwant dan ha jo in wikseldaelder, en dy wurde jo noait wer kwyt."
Harm hie in lamme hân. Syn wiif bihandele er och sa min. 't Minske wie sikelik en hie tige minne egen. Sy wie hast blyn. Hy hie har de hiele simmer yn 'e wâllen oan 't gjerssnijen. Hy hie twa dochters.
Hy koe tsjoene. De minsken lieten him net by 't fé. Sy moesten mei Harm altyd foarsichtich wêze, hwant hy koe wol hwat yn 't hok smite en dan woarde it fé siik.
Doe't Harm dea wie lei er mei de holle achterstofoar oan 'e romp yn 'e kiste. Dat is mei al dyselden sa dy't har oan 'e duvel forboun ha.

Onderwerp
SINSAG 0922 - Teufel bricht Sünder das Genick.   
Beschrijving
Stotterende Harm had een wisseldaalder. Niemand wilde dat tovermuntstuk aannemen, ze waren bang er dan niet meer vanaf te komen. Zijn vrouw was vrijwel blind en behandelde hem zeer slecht. Hij kon toveren. De mensen lieten hem nooit bij hun vee, uit angst dat hij het vee betoverde. Toen hij dood was, lag hij met zijn hoofd achterstevoren in de kist. Dat gebeurde wel vaker met mensen die zich met de duivel verbonden hadden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 711, verhaal 13
Commentaar
1 augustus 1969
Teufel bricht Sünder das Genick.
Naam Overig in Tekst
Stammerige Harm   
Stotterende Harm   
Swadde   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21