Hoofdtekst
Der wie in doomny dy hie de rimmetyk. Yn datselde doarp wenne in skoalmaster, dy kom elke wike in joun by him to praten en omgekeard gong doomny elke wike in joun nei de skoalmaster ta. Mar dan moest dy skoalmaster him ophelje, hwant de doomny koe sels net rinne fanwege de rimmetyk. Doomny wie in licht baeske en de skoalmaster in gewanten keardel, dat dan naem dy him op 'e rêch.
Hja hienen de lêste kear ôfpraet, dat de folgjende wike woansdei soe master doomny wer ophelje.
Dyselde jouns wienen der twa dieven op it dievepaed. De iene hie in sekfol apels stellen. Dêr gong er mei nei 't tsjerkhôf ta, dêr soed er se moai fordiele. De oare dief wie wylst om in skiep út om dat to stellen. Dat soenen se op 't tsjerkhôf slachtsje.
Master giet mei syn fracht flak foar 't tsjerkhôf lâns.
De dief, dy't mei de apels oan 't fordielen is, krijt hyltyd twa tagelyk út 'e sek, en dan seit er: "Dàt binne minen, dàt binne dinen."
Dat hearre doomny en de skoalmaster. Doomny seit: "De doden staan op uit het graf. Ze zijn al bezig de beenderen te verdelen." Doomny hie in ljochte sjael om fanwege de frisse joun.
Doe't de dief seach dat der ien oankom mei hwat op 'e rêch, miende er dat it syn maet wie mei it skiep, en hy sei: "Kom, wiest dêr al? Ik ha 't mes al klear, dan sille wy him fuort slachtsje."
Doe liet master doomny fan 'e rêch sakje en sette sokken en doomny, dy't oars net in foet forsette koe, sette him as in hazze achternei.

Onderwerp
AT 1791 - The Sexton Carries the Parson   
ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.   
Beschrijving
Een schoolmeester droeg eens de dominee naar zijn huis, omdat de dominee nogal last had van zijn reumatiek. Juist die avond waren er twee mannen op het dievenpad. De ene wachtte de ander met zijn gestolen appels op het kerkhof op. De ander zou een schaap gaan stelen en die zouden ze dan slachten. Toen de meester met de dominee langs kwam, was de dief juist de appels aan het verdelen. De dominee meende dat de doden waren opgestaan, en de benen aan het verdelen waren. De dief meende dat het de andere dief was met het schaapn en zei: "Ben je er al? Ik heb het mes klaar, dan zullen we hem slachten." De schoolmeester liet de dominee uit angst vallen, en ging er snel vandoor. En de dominee, die normaal geen voet kon verzetten, rende achter hem aan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 716, verhaal 2
Commentaar
17 juli 1969
The Sexton Carries the Parson
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21