Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ071605 - De aap in de ton

Een sage (mondeling), donderdag 17 juli 1969

Hoofdtekst

De aep yn 'e tonne.
Der wienen in faem en in feint, dy gongen togearre nei stêd ta. Dêr fregen se by in herberch, of se dêr de nacht oerbliuwe koenen. De kastlein sei: "Wy sille sjen of wy it foarinoar krije kinne." Hy wiisde harren in sliepkeammerke oan.
Der wie ek in aep yn dy herberch. Dy wie lestich, en makke nochal hwat spektakel, dat de kastlein goaide him yn in tontsje. Dat tontsje stie yn 't keammerke, dêr't hja dy nachts sliepe soenen.
It fanke wie yn forwachting en moest noadich pisje. Har feint sei: "Gean mar op dat tontsje sitten, dan goai ik it der aenst wol út." Dat die se.
Doe't dy aep dat waerme wetter op 'e kop krige, bigoun dy to wrotten en oan to gean. Dy woe der út.
Doe sei de faem tsjin 'e feint: "Ik leau dat it fuortgong is, hear, hwant ik ha hwat fornom."
Doe woarde hy nijsgjirrich en woe wite hwat der yn it tontsje siet en doe't er it seach, rôp er: "Welfordoary, 't is mar goed dat it fuortgong is, hwant it is in aep!"


Beschrijving

Een zwangere meid en de knecht sliepen onderweg eens in een herberg. De kastelein had een nogal lastig aapje, en had hem voor de nacht onder een tonnetje in hun kamer gezet. Toen de meid die nacht moest plassen, ging ze op het tonnetje zitten. Maar de aap voelde het warme water op zijn kop en wilde er vandoor. De vrouw voelde een hoop drukte en dacht dat ze bevallen was van een aapje.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 716, verhaal 5

Commentaar

17 juli 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21