Hoofdtekst
In boer en in frou út Boarn (= Oldeboorn) kommen yn Ljouwert. De frou moest in nije mantel ha. Sy kommen yn in greate winkel. Doe sei dy frou tsjin har man: "Foardat ik bigjin to passen mat ik eins earst even to pisjen."
"Nou," sei de man, "dan freegje wy even, hwerst' dan wêze maste."
Ien fan 'e winkelfamkes gong mei en wiisde har it plak oan. Hja hie dêr even west, doe sei de winkelman tsjin 'e boer: "Jo meije wol even nei jou frou ta gean, om to sjen hwat dêr is, hwant hja makket dêr sa'n spektakel."
Har man der hinne. It minske wie alhiel fan 'e wize. Hja wie gjin 'wetterspoeling' wend, dat hja tocht, hwat dêr hong, dat moest tsjinje om oerein to kommen. Hja hie der har oan omheech hise. Hja sei tsjin har man: "Nou is 't hwat, ik soe oerein en nou is my de blaes knapt."

Beschrijving
Een vrouw ging eens in een winkel in de grote stad naar het toilet, maar was niet gewend aan een waterspoeling. Ze dacht dat het hangende ding diende om overeind te komen, en daar had ze zich aan opgehesen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 716, verhaal 4
Commentaar
17 juli 1969
Naam Overig in Tekst
Boarn   
Naam Locatie in Tekst
Oldeboorn   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21