Hoofdtekst
Hjir oan 'e Fjouwer Roeden wenne âlde Tsjerk van der Veen, yn 't lêste húske, it tichtste oan 'e Rottefalle. Dy seach op in kear dat der in kiste by him yndroegen woarde. Hy tochte: "Dy is foar my sels." Hwant hy hie 't oan 't hart.
Mar even letter stoar syn frou. De kiste kom op itselde plak to stean dêr't hy him sjoen hie.
Doe't Antsje al in skoftsje yn 'e modder lei, hearde er har op in kear roppen "Tsjerk! Tsjerk!" Ridlik gau dêrnei is er stoarn. Hja hat him nei 't tsjerkhôf ta roppen.
Tsjerk hat syn eigen begraffenis fan tofoaren sjoen. Hy hat oan minsken noch forteld hwa't er allegear by syn lykstaesje sjoen hie.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een man zag eens dat er een kist in zijn huis gebracht werd. Even later stierf zijn vrouw. De kist kwam precies op de plek waar hij hem gezien had. Later heeft de man ook zijn eigen begrafenis vantevoren gezien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 717, verhaal 11
Commentaar
24 juli 1969
Der Sarg gesehen
Naam Overig in Tekst
Fjouwer Roeden   
Tsjerk van der Veen   
Antsje   
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Rottevalle   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21