Hoofdtekst
Wy wienen foar de poepen oan 't wurk yn 't Joadefjild oan dizze kant Mearum. 't Wie yn 'e oarloch. Doe kom der in ekster op ús ta, dy bleau op in pear meter fan ús ôf.
Wopke Hoekstra, in maet fan my, sei: "Der komt aenst hwat to dwaen." Hwant dy ekster skattere mar. Hy woe hwat fortelle. Gjin healûre letter kommen der greate weinen oan fan 'e poepen. Dêr woarden wy ynladen om nei Appingedam ta, dêr moesten wy oan 't wurk. Guon seagen noch kâns om út to naeijen. Ik ha fjirtsjin dagen yn Appingedam tahâlden. Doe krige ik in ûngelok mei de hân. Ik die 't willemoeds. Doe koe 'k net mear hwat dwaen. Ik rekke nei hûs ta. De oaren woarden nei Dútslân transporteard.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een stel Friezen waren in de oorlog eens aan het werk op het land. Een ekster zat een paar meter verderop te schetteren, en ze dachten dat er iets te gebeuren stond. Een half uur later kwamen de moffen met grote wagens, en die namen de mannen mee.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 717, verhaal 10
Commentaar
24 juli 1969
Vorbedeutung anderer Ereignisse.
Naam Overig in Tekst
Mearum   
Wopke Hoekstra   
Naam Locatie in Tekst
Joadefjild   
Jodenveld   
Appingedam   
Dútslân   
Duitsland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21