Hoofdtekst
Der wie in koalehandeler, dy hie brantstof levere oan in boer. Doe't er mei 't rekkentsje kom, wie de boer krekt yn 't haeilân. Hja hienen 't iten noch mar even op, dat de frou sei: "Ik ha noch gjin thé klear, mar jo krije in buorrel."
"Dat kin wol," sei de koalehandler, "mar dan matte jo èk ien nimme, hwant ik wol hjir allinne net sitte oan 'e buorrel."
De frou skonk yn 'e keuken twa gleskes fol jenever.
In jonge fan har kom yn 'e keuken. Hy moest ek hast nei skoalle ta, mar doe't er de jenever dêr stean seach, wipte er gau ien achteroer en sei: "Sjesa, dy is binnen, nou gau nei skoalle."
Doe't er yn skoalle kom, roan er flak by master lâns. Dy rûkte de jenever. Hy sei: "Hwat nou, hastû in buorrel hawn?"
"Ja master," sei de jonge, "ik haw in buorrel hawn."
"Bist dêr net raer fan wurden?" frege master.
"Né," sei er, "ik wyt der niks fan, mar ús mem en dy koalehandeler binne der wòl raer fan wurden, hwant doe't ik nei skoalle gong ha 'k wol sjoen dat se beide op bêd krûpt binne. Mar ik ha nergens lêst fan."

Beschrijving
Terwijl de boer op het land was, kwam de kolenhandelaar langs. De boerin en hij dronken samen een borrel. De boerenzoon zag in de keuken nog een borrel staan, en dronk dit in zijn gang naar school op. De schoolmeester rook de jenever en vroeg de jongen of hij niet raar was geworden van die borrel. Hij zei dat hij er niets van had, maar dat zijn moeder en de kolenhandelaar er zo raar van waren geworden dat ze samen op bed gekropen waren.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 722, verhaal 1
Commentaar
2 augustus 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21