Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ072202 - De hygienische broodbezorger

Een sage (mondeling), zaterdag 02 augustus 1969

Hoofdtekst

De hygienische broodbezorger.
Der wie in bakker, dy gong by de streek to suteljen en sa kom er ek by in frou yn 'e hûs. Hy hie in eintsje byntjern ta de gulp út hingjen. De frou seach dat wol, mar hja praette nergens oer. Mar op in kear koe se har nijsgjirrigens net langer bidimje. Doe sei se: "Jo ha dêr altyd in eintsje byntjern ta de gulp úthingjen. Hwat bitsjut dat eins?"
"Ja, frou," sei er, "ik bin in hygienische broodbezorger. As ik nou by wize fan sprekken even in plasje dwaen mat, dan lûk ik oan it toutsje en dat is er bûten."
Hja sei: "Krekt, dat is wol snoad bitocht. Mar hy mat ek wer binnen."
"Nou," sei er, "dêr wurdt èk foar soarge. Sjoch, ik ha hjir èk in toutsje by de kraech. As ik dêr oan lûk, dan giet er wer nei binnen."


Beschrijving

Bij een bakker hing altijd een stukje bindgaren uit zijn broek. Op een keer vroeg een vrouw waar hij dat toch altijd had. De bakker zei dat hij een hygienische broodbezorger was: als hij moest plassen, hoefde hij alleen maar even aan het touwtje te trekken. En als hij klaar was, trok hij aan een ander touwtje zijn ding weer naar binnen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 722, verhaal 2

Commentaar

2 augustus 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21