Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ072720

Een mop (mondeling), vrijdag 08 augustus 1969

Hoofdtekst

Der ried froeger in postwein fan Grins nei Ljouwert. Dêr hienen se twa hynders foar, ek wolris trije of fjouwer.
Underweis wikselen se fan hynders. Dat gebeurde by de herbergen. Dan woarde der òmspand.
Twa mannen sieten boppe op 'e bok. Ien fan har fortelde my ris: Wy rieden ris fan Grypskerk nei Bûtenpost ta. Wy wienen togearre. 't Wie tsjuster. Ien man wie net fortroud fanwege roverije. Wy wienen sa kâld as in stien dêr boppe op 'e bok.
Myn maet sei: "Ik kin 't net langer hurde. Ik wol in slokje ha." Wy stoppen by in herberch.
Ik dronk bier, hwant dêr hâlde jo it langer by fol as by brandewyn.
Doe setten wy fan Grypskerk ôf. Wy moesten oer de brêge hinne. Ik sei tsjin myn maet: "Ik wyt der neat fan. Dat iene hynder, dat doocht net." It wie dea. Ik koe 't skoan sjen. En dochs roan it noch.
"Wy màtte oer de brêge!" sei myn maet. En doe sloech er mei gewelt mei de swipe oer de rêgen en doe roan dat deade hynder oer de brêge hinne. Doe't it der oer wie, foel it del en bleau lizzen.


Onderwerp

VDK 1911B* - Dood paard loopt door    VDK 1911B* - Dood paard loopt door   

Beschrijving

Twee mannen waren op een nacht met de postkoets onderweg. Een van de mannen meende dat het ene paard dood was, ook al liep het nog wel. De ander gaf het juist een klap met de zweep om de brug over te gaan. Toen ze de brug over waren, viel het paard dood neer.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 727, verhaal 20

Commentaar

8 augustus 1969
Dood paard loopt door

Naam Locatie in Tekst

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Grypskerk    Grypskerk   

Bûtenpost    Bûtenpost   

Buitenpost    Buitenpost   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21