Hoofdtekst
Der wie in hazze, dêr loerde Bearn van der Woude al gâns in set op. Hy hie der al wit hoe faek op sketten. Dan fleach it hier him nei, mar altyd naeide dy hazze wer út. Bearn wie in streuper.
Alde Teade Gjetsje wenne tsjin him oer. Dat wie in tsjoenster. Dy wie it; dy foroare har yn in hazze. Alle jounen siet dy hazze ta de koal. Op in nacht doe skeat er wer op har. Mar hja ûntkaem him wer. It wie ek noch in minske dat narje koe.
De oare moarns sei se tsjin Bearn syn mem: "Hat Bearnke fannacht ek wer fuort west? Hwant ik ha in skot heard."
En doe bigong se to laitsjen.
Ja, dy âlde duvel, dy wist it wol, sei Bearn tsjin ús.

Onderwerp
SINSAG 0592 - Hexentier kann nicht getroffen werden
  
Beschrijving
Een heks veranderde zich 's avonds vaak in een haas. De buurman probeerde altijd het dier dood te schieten, maar hij kon het beest nooit raken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 731, verhaal 1
Commentaar
22 juli 1969
Hexentier kann nicht getroffen werden
Naam Overig in Tekst
Bearn van der Woude   
Teade Gjetsje   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21